Onlangs ontvingen we van Henk de Jonge (in de jaren 50 dj in Hotel de Nederlanden) enkele geschreven velletjes met dit mooie Oldehovelied. Hij vond het tussen andere paperassen van zijn vader Hinderikus (Rikus) Georgius de Jonge (1886-1974). De vraag is of het ook geschreven is door zijn vader of wellicht opgetekend uit overlevering. Wie weet meer over de afkomst van dit lied? Reacties zijn welkom op klaas.zandberg@leeuwarden.nl

‘De Aldehou’ 

Ut de beamen fan de Prinsetún forryst de Aldehou Geslachten hat hy dêr al stien, dat âlde grys gebou. De fremdling sint er om hinne op reis en wy rinne him forby. Hy is san au mei ús forgroeid Wy tinke him net mear wei Hy stiet der as ’t sinnebyld fan hechte Fryske trou Derom sjonge wy hjir, joun dit lied fan d’ Aldehou.  

Wanneer die toer ris praete koe, út tiiden lang forby Oer Gysbert Japix en Us Heit of oer de grietenij Oer Piter Jelles en syn liet of oer ús Waling om  oer al dy bodders út de striid for Fryslân’s ear en rom Hy koe fortelle fan de striid foar frydom en foar rjucht Dochs ek wol fan ’t minder moai, dat er jouns soms sjucht   

In Hâns, der stiet de Stienenman, dat is as bern ús leard De ine helte sjucht oer de see en de oere is ’t lân takeard De Wetterpoarte stiet in Snits, foarwier in moai gebouw Mar mei-ienoar is dat noch net ienkeer de Aldehou Weidze oer ús toer noch jieren lang, wy ha de striid oanboun For Fryske tael en Fryske sang fan ús âldfaers groun  

Refrein

Us âlde Aldehou stiet hast wol túzend jieren Heech en dreech eaget hy oer it Fryske mêd. Us âlde Aldehou, men sjucht him al fan fjirren Soms dan galmje syn klokken oer ‘e stêd Hy seach de gong fan ûntelbre geslachten Hy kin de Friezen út greidhoeke en bou Hy libbet mei yn ús hope en forwachten Hy heart by ús, de âlde Aldehou

SHARE THIS PAGE